Anker tsjinnet TBS-kleems yn

Wim Anker advokaat © ANP
Advokaat Wim Anker tsjinnet út namme fan twa tbs-kliïnten in skeakleem yn by it Kolleezje fan prokureurs-generaal. De tbs-ers ha te lang yn in klinyk sitten. Anker claimt 200 euro foar eltse dei foar de perioade dat de tbs-ers te lang fêstsitten ha.
Mei-inoar giet it yn Nederlân om sân kleems fan minsken dy't feroardiele binne en wêrfan de tbs ferline jier einige is. It Kolleezje fan van prokureurs-generaal hat oerlis mei de Raad voor de Rechtspraak en de lânsadvokaat oer hoe't de skeakleems ôfhannele wurde sille.