Man oppakt foar bedriigjen eks

02 feb 2013 - 11:00

Yn it sintrum fan Ljouwert is freed in man fan 23 jier oanhâlden, omdat hy syn eks-freondinne bedrige hie. De man mocht hielendal net yn it sintrum komme, omdat hy earder dizze wike al in gebietsferbod krigen hie foar twa jier.

De man is oanhâlden en opsletten yn in plysjesel.

(advertinsje)
(advertinsje)