Frou ferwûne by auto-ûngelok

De auto botste op dizze lantearnepeal © Robert Jan Boonstra
Op de Snitsertrekwei yn Ljouwert is freedtenacht in 30-jierrige frou út Wergea ferwûne rekke by in iensidich ûngelok. Se wie troch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke en tsjin in lantearnepeal botst. De frou rekke ferwûne oan de holle.
Se is nei it sikehûs brocht. Yn de auto siet ek noch in hûntsje, mar dat kaam mei de skrik frij.