WK: minne start fjouwermansbob

Sybren Jansma © ANP
By it WK-bobslydzjen yn St. Moritz yn Switserlân is de fjouwermansbob mei Edwin van Calker, Sybren Jansma fan De Pein, Yannick Greiner en Jeroen Piek fan It Hearrenfean sneontemoarn min fan start gien. Se kamen yn de earste run út op in 20ste plak fan yn totaal 34 dielnimmers.
It WK bestiet út fjouwer runs. Yn de twadde run waard de fjouwermansbob 16de. Snein wurde de twa lêste runs hâlden.