Nije hûnehúskes yn SWF

01 feb 2013 - 21:40

De kâns dat je as baaske fan in hûn yn Súdwest-Fryslân in boete fan 130 euro betelje moatte, nimt ta. Dat sei wethâlder Maarten Offinga fan dy gemeente freed yn Boalsert by it yn gebrûk nimmen fan in hûnehúske. Minsken dy't de hûn skite litte en der dan bywei rinne hawwe neffens him gjin ekskús mear, want der wurde yn de hiele gemeente 111 nije hûnehúskes pleatst.

Foar in part ferfange dy besteande húskes dy't net goed foldogge. Hanthaveners fan Súdwest-Fryslân sille ekstra tinke om hûnen en harren baaskes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)