Halbertsma Pallets Grou ticht

Halbertsma pallets yn Grou giet ticht. De wurksumheden wurde konsintrearre by fabriken yn Assen, Hasselt en Espel. It memmebedriuw de Faber Halbertsmagroep wol sa effisjinter wurkje en sa in sterke posysje behâlde yn de palletyndustry. By Halbertsma wurkje goed 70 minsken. Sy kinne oan it wurk op in oare lokaasje.
Halbertsma Pallets waard yn 1891 oprjochte. It is in begryp yn it doarp seit boargemaster Ton Baas fan Boarnsterhim. Hy fynt it bysûnder spitich dat der nei 122 jier in ein komt oan de skiednis fan de palletbouwer yn it doarp.