Ekstra ûndersyk nei gaswinning

01 feb 2013 - 15:27

No't de NAM mear gas ûnder de Waadsee fuorthelle hat as yn syn winningsplan stiet, is der ekstra ûndersyk nei de gefolgen dêrfan. Dat seit direkteur Arjan Berkhuysen fan de Waadferiening. It nijs dat dat ekstra gas út de grûn helle is, wie nij foar Berkhuyzen. As dat sa troch giet, wurdt it dreger om oan de hân fan besteande modellen om wat te sizzen oer de ferwachte boaiumdelgong. Oant no ta bliuwt dy binnen de ôfprate grinzen, mar der is ekstra ûndersyk nedich om in betrouberder byld te krijen.

Trefwurden: 
NAM gaswinning
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)