Jild foar DIFDD noch net wis

dyndoarp
It is noch gjin útmakke saak dat de provinsje Fryslân 30.000 euro subsydzje jout foar it TV-programma Doch it Foar Dyn Doarp fan Omrop Fryslân. De steatefraksje fan de PVV stelde dêr tongersdei fragen oer. De provinsje hat yntusken in oanfraach foar de subsydzje binnenkrigen. In beslút dêroer moat lykwols noch nommen wurde, sa seit deputearre Johannes Kramer. Yn de media wie al melding makke fan it feit dat it jild tasein wie, mar dat hat te prematuer west, sa jout Omrop-direkteur Jan Koster ta.