Net folle yndustrieel erfgoed
De ynventarisaasje fan yndustrieel erfgoed yn Fryslân hat oant no ta noch net in soad opsmiten. Dat seit de organisaasje dy't alle yndustrieel erfgoed yn kaart bringe wol, om dan advys jaan te kinnen oer behâld en mooglik wergebrûk. Oant no ta ha 61 organisaasjes har melden, mei mei-inoar 500 objekten. Mar de organisaasje hie mear ferwachte, omdat der 375 adressen oanskreaun binne. Yndustriële gebouwen yntsjinje kin noch altiten, oft se no yn gebrûk binne of leechstean.
It moat gean om kultuerhistoarysk weardefolle pânen dy't fan oarsprong bedoeld wiene foar bedriuwichheid.