Van La Parra by Jong Oranje

Rajiv van la Parra © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Oanfaller Rajiv van La Parra is selektearre foar de oefenynterlân fan it Nederlânske alvetal ûnder de 21 tsjin Kroäsië, kommende tiisdei. Mei de wedstryd yn en tsjin Kroäsië wurket Jong Oranje ta nei it EK ûnder de 21. Dat is yn juny yn Israël. Jong Oranja fersekere him yn oktober fan de einronde en kaam dêrnei net wer yn aksje. Kroäsië is net selektearre foar it EK yn Israël.