Te min staazjeplakken yn bou

01 feb 2013 - 12:33

Troch it grut tal falliseminten yn de bouwrâld, wurdt it foar learlingen yn de bou yn Noard-Nederlân hieltyd dreger om in staazjeplak te finen. Ut sifers fan de Keamer fan Keaphânnel docht bliken dat yn 2012 mar leafst 55 Fryske boubedriuwen op de flesse giene, it jier dêrfoar wiene dat noch 31. Net earder as yn 2015 ferwachtet it Ekonomysk Ynstitút foar de Bou in foarsichtich werstel. By de Praktyk Oplieding Bou op It Hearrenfean fernimme se de malêze ek.

It is dêr folle drokker as oars yn de wurkpleats, om't der te min wurk is om learlingen ûnder te bringen by oannimmers. Begelieder Sake Hooisma sjocht no mear as tweintich learlingen by him yn de wurkpleats, wylst dat er gewoanwei in stik as fiif binne.

Trefwurden: 
bou staazjeplakken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)