Ghanassy kiest foar Van Basten

01 feb 2013 - 11:45

Yassine El Ghanassy hat foar SC Hearrenfean keazen, omdat Marco van Basten dêr trainer is. "Als Van Basten hier geen trainer was geweest, dan was ik hier niet naar toe gekomen", sa seit de Belgyske Marokkaan.

De 22-jierrige Ghanassy komt oer fan West Bromwich Albion, dy't him foar de rest fan dit seizoen ferhierd oan SC Hearrenfean. Yn july makke de fleugeloanfaller de stap fan AA Gent nei de Premier League. Mar de twafâldich Belgysk ynternasjonal hat amper spylminuten krigen by West Bromwich.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)