Ferwûne by brân yn Harns

01 feb 2013 - 11:32

By in brân yn in appartemint oan de Schritsen yn Harns is in man ferwûne rekke. De brân ûntstie omtrint in oere as njoggen freedtemoarn yn de wenning. De plysje wie gau te plak en koe in hûn út it hûs rêde. De brânwacht hat koart dêrnei de bewenner der úthelje kind. Hy is oerbrocht nei it sikehûs. It appartemint is foarearst ûnbewenber.

Trefwurden: 
Harns brân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)