Strjitten Ljouwert ôfsletten

01 feb 2013 - 10:23

De plysje hat tongersdeitenacht op de Prins Hendrikstrjitte, It Ruterskertier en It Saailân yn Ljouwert fiif minsken bekeurd omdat se har net oan de ferkearsregels holden. Sûnt koart is de Prins Hendrikstrjitte op tongersdei-, freed- en sneontenacht ôfsletten foar alle ferkear, útsein taksys. Ek yn de oare strjitten binne maatregels naam, lykas it ynstellen fan in ferplichte rydrjochting. Reden is dat der op útgeansjûnen nochal wat oerlêst wie fan auto's dy't hieltyd mar rûntsjes rieden troch dy trije strjitten.

Der wurdt dêrom de kommende tiid ekstra tafersjoch holden. Ferline wykein waarden 18 bekeurings útskreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)