Nije foarsitter NP Skier

Jan Jaap de Graeff fan Leiden is fan freed ôf foarsitter fan it Oerlisorgaan fan it Nasjonaal Park Skiermûntseach. De 63-jierrige De Graeff is ôfstudearre oan de lânbouhegeskoalle Wageningen. Earder wie er ûnder oare dykgraaf fan it Hoogheemraadschap fan Schieland. Oant tongersdei wie er foarsitter fan Natuurmonumenten. De Graeff folget frou van Montfrans-Hartman op. Sy wie sûnt 2000 foarsitter fan it Nasjonaal Park Skiermûntseach.