Ald-steateleden ferienigje har

© Omrop Fryslân
Op it provinsjehûs yn Ljouwert is tongersdei in feriening foar âld-steateleden oprjochte. Doel derfan is om de kontakten mei elkoar wer oan te heljen en om Fryslân te promoatsjen. It idee foar de feriening ûntstie ferline jier, doe't de âld-steateleden rûnlaat waarden troch it nije provinsjehûs. Der waard doe dúdlik dat se der ferlet fan hiene elkoar wer wat faker te treffen. De feriening hat yntusken tachtich leden. Net allinne âld-leden fan provinsjale steaten kinne lid wurde, ek âld-deputearren en eardere Kommissarissen fan de Keninginne.