'Ielânen bêste restaurant'

Soarchsintrum Ielânen yn Snits hat it bêste restaurant fan alle soarchynstellings yn Nederlân. It soarchsintrum krige dat predikaat tongersdei by it earste kongres Veilig Voedsel yn Utert. De Ielânen krige fan de sjuery in 9,7.
Ek it Antonius Sikehûs yn Snits foel yn de prizen. Pasjinten krije dêr it feilichste sikehûsiten fan Nederlân. De Stichting Veilig Voedsel hie loovjende wurden foar de ynset fan de meiwurkers yn de keuken, it restaurant en op de ferpleechôfdielings.