Wetterkearing Starum feilich

31 jan 2013 - 18:55

De Johan Frisoslûs en de Havendammen yn Starum moatte de kommende fyftich jier wer feilich wêze. De wetterkearing is flink fersterke en moat no de swierste stoarm wer oan kinne. De opknapbeurt wie nedich omdat de slûs en de dammen net mear foldienen oan de stringe feilichheidsnoarmen fan it nasjonale heechwetterbeskermingsprogramma.

Wetterskip Fryslân hat der trije jier mei oan de gong west en it hat twa miljoen euro koste. Mar no binne de slûs en de havendammen der wer by de tiid. Tongersdei is it projekt offisjeel iepene.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)