'Oerheid, nim boarger serieus'

31 jan 2013 - 18:27

Oerheden en publike organisaasjes moatte de boarger serieuzer nimme en earder en mear by it belied belûke. Dat wie de ynset fan it sympoasium 'Het geluid van Fryslân', dat tongersdei yn Ljouwert hâlden waard troch partoer. It sympoasium gie oer de kleau tusken bestjoerders en boargers en luts sa'n 80 minsken.

Dy kleau freget neffens de Wetenschappelijke Raad voor het Regeringsbelied om in oare benadering. Oerheden moatte de boargers mear betrouwe en ek stimulearje om mei ideeën en krityk te kommen. Partoer wol mei it tema oan de slach.

De organisaasje wol oerheden en oare publike organisaasjes helpe om oars mei boargers te kommunisearjen en biedt ek trainingen oan op dat mêd. It sympoasium yn Ljouwert krijt, as it oan Partoer-direkteur Van de Vegte leit, seker in ferfolch.

Trefwurden: 
partoer oerheid boarger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)