Soad animo foar fyts-11-stêden

18 des 2011 - 11:16

De ynskriuwing foar de fytsalvestêdetocht fan pinkstermoandei is freedtejûn sletten, omdat it maksimum tal dielnimmers doe berikt wie. Oant tongersdei koene minsken dy't de tocht fiif kear of faker riden hiene gebrûk meitsje fan in foarynskriuwing. 5.000 minsken ha dat dien. Der wiene doe noch 10.000 kaarten oer foar oare fytsfanaten. Dy wienen binnen de koartste kearen fuort, gauwer as de organisaasje ferwachte hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)