Tal Fryske bouprojekten stabyl

It tal bouprojekten liket yn Fryslân de kommende twa jier net fierder te sakjen. Dat seit direkteur Jan van Tuinen fan Bouwend Nederland. De feriening fan bedriuwen yn de bou en ynfrastruktuer ferwachtet dat der yn Fryslân like folle boud wurdt as ferline jier. Gemiddeld sil it tal bouprojekten yn Nederlân de kommende twa jier mei 8,5 prosint ôfnimme. Yn Grinslân is dat mei 4 prosint, yn Drinte mei 12 prosint. Neffens Bouwend Nederland leit de oarsaak mooglik yn legere grûnprizen hjir.
Dêrtroch is it noch oantreklik in nij hûs del te setten, yn bygelyks de Rânestêd is dat ûnbetelber. Lanlik sjoen wurde der de kommende twa jier noch sa'n 20.000 ûntslaggen yn de bousektor ferwachte.