Moandei earste NL Alert test

Op 4 febrewaris ferstjoert de oerheid tagelyk mei de moanlikse test fan de sirenes foar it earst in NL-Alert sms-testberjocht. Oan de hân fan dat berjocht kinne de minsken neigean oft harren tillefoan goed ynsteld is foar it ûntfangen fan NL-Alert berjochten. Op dit stuit is sa'n 60 persint fan alle mobile tillefoans geskikt foar it ûntfangen fan sa'n berjocht.
Kleinhuis beskôget NL-Alert as in weardefolle oanfolling op de oare alaarmmiddels, omdat de sms ek meldt wat der krekt te rêden is.
NL Alert kin ek hiel pleatslik ynskeakele wurde op doarps- en sels wyknivo. Mear ynformaasje oer NL-Alert en in ynstruksje oer hoe't je dat oan- en útsette kinne op je mobile tillefoan stiet op www.nl-alert.nl It digitale alaarm wurket foarearst noch net op de iPhone en oare Apple-produkten, mar ek dêr wurdt neffens Kleinhuis oan wurke.