Weryndieling Lj'diel pas 2018

31 jan 2013 - 12:19

In weryndieling tusken Ljouwert en Ljouwerteradiel kin net earder as yn 2018. Dat seit boargemaster Ferd Crone yn reaksje op de útslach fan it referindum woansdei yn Ljouwerteradiel. De wet stiet net ta dat ien gemeente tagelyk mei twa weryndielings dwaande is. Lykas bekend giet in part fan de gemeente Boarnsterhim op 1 jannewaris 2014 op yn Ljouwert. Omdat in nije weryndieling mei Ljouwerteradiel in tariedingstiid fan fjouwer jier nedich hat, kin dy gemeente pas op syn gaust yn 2018 by Ljouwert komme.

Yn it referindum yn Ljouwerteradiel hat in romme mearderheid fan 77 prosint woansdei oanjûn graach by Ljouwert hearre te wollen. De gemeenteried nimt ynkoarten in definityf beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)