Fryske brosj foar Beatrix

Houtsje foar Beatrix
It provinsjebestjoer hat keninginne Beatrix fanwege har 75e jierdei in brosj stjoerd. Gewoanwei giet der allinne in lokwinsk nei de keninginne, mar fanwege de spesjale leeftyd is der dizze kear in kadootsje by dien. De brosj hat de foarm fan in houtsje, in Fryske reed. Neffens it provinsjebestjoer stiet dy foar autentisiteit, krêft en trochsettingsfermogen, omskriuwings dy't ek fan tapassing binne op Beatrix. De brosj is makke troch edelsmid Theo van Halsema út Ljouwert, dy't der sulver en hout foar brûkte.