Wetterpeil leger as ferwachte

31 jan 2013 - 07:20

It hege wetter hat fannacht net foar oerlêst soarge yn Fryslân. Op Amelân, Skiermûntseach en yn Ternaard waarden aksjesintra ynrjochte om de ektra dykkontrôles te koördinearjen. Troch hurde wyn en springtij waard in peil fan trije meter boppe NAP ferwachte, mar dat waard net helle. It peil bleaun 20 oant 30 sentimeter leger as foarsein. Yn Harns waard in heechste peil fan 2,80 m helle. De coupere op Flylân hoechde net sletten te wurden.

Trefwurden: 
heechwetter springtij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)