Ljouwerteradiel kiest Ljouwert

30 jan 2013 - 23:13

Ljouwerteradiel kiest foar de gemeente Ljouwert. Dat hat it rieplachtsjend referindum fan woansdei útwiisd. Fan de ynwenners stimde 77 prosint foar oansluting by Ljouwert, 17 prosint foar de nij te foarmjen gemeente Noardwest-Fryslân mei Frjentsjerteradiel, Menameradiel, Harns en It Bilt.

De opkomst wie 62 prosint en dat is genôch om de útslach meitelle te litten. De gemeenteried hie steld dat de opkomst dêrfoar 60 prosint wêze moast. De ried praat op 14 febrewaris fierder oer de útkomst fan it referindum.

Trefwurden: 
weryndieling referindum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)