Klup foar einekoerflechters

30 jan 2013 - 21:55
  • Gjalt de Groot, foarsitter De Strampel

Fryslân hat der sûnt woansdei in bysûndere feriening by. It giet om de feriening 'De Strampel', de Fryske feriening fan einekoerflechters. Doel fan de feriening is de tradysje fan it kuorkjen feilich te stellen en út te wreidzjen.

De namme fan dizze nije feriening is ûntliend oan it âlde wurd strampel dat trijepoat betsjut. Strampels wurde noch altyd brûkt om in koer yn sleat of sleatswâl in plakje te jaan. De feriening telt al mear as tritich entûsjaste leden.

(advertinsje)