Epke en Marit bêste sporters

30 jan 2013 - 21:16

Epke Zonderland is op it Frysk sportgala opnij útroppen ta Frysk sportman fan 2012. By de froulju gie de titel nei sylster Marit Bouwmeester. By de Fryske sporten is fierljepper Oane Galama útroppen ta Fryske sporter fan 2012. Hy bleau keatster Leonie van der Graaf-Zeinstra en skûtsjeskipper Douwe Visser fan it Snitser skûtsje foar. Galama waard it ôfrûne jier Nederlânsk kampioen. Fryske sportploech fan it jier is de manljusshorttrackploech wurden. De ploech mei Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma waard û.o. Europeesk kampioen.

Reedrydster Antoinette de Jong fan Rottum is it sporttalint fan 2012. De sportstimulearringspriis wie foar HZ&PC, de swimklup fan It Hearrenfean foar de stimulearring fan it paraswimmen. Henk Gemser fan Aldehaske krige de oeuvrepriis.

It wie miskien net in grutte ferrassing dat Epke Zonderland en Marit Bouwmeester de sporters fan 2012 waarden. Dochs wie der genôch konkurrinsje foar de gouden turner en de sulveren sylster. Europeesk- en wrâldkampioen reedriden Sven Kramer en Europeesk kampioen shorttrack Sjinkie Knegt wiene by de manlju de oare nominearre sporters. By de froulju wiene dat wrâldkampioene reedriden Ireen Wüst en sulveren paralympiër Alyda Norbruis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)