Woudagemaal ûnder stoom

30 jan 2013 - 17:50

It Woudagemaal op De Lemmer wurdt tongersdei ûnder stoom brocht. Dat hat Wetterskip Fryslân besluten omdat der in soad rein fallen is en ek noch falle sil. Boppedat kin der te min wetter spuid wurde fia de sluzen, fanwege de hege wetterstân op de Waadsee. Om it tekoart oan spuikapasiteit te kompensearjen sil it Woudagemaal it wetter de Iselmar oppompe.

It gemaal is tongersdei tusken 10.00 en 17.00 oere iepen foar publyk. It Wetterskip ferwachtet dat it gemaal trije oant fiif dagen mealle sil.

Trefwurden: 
Woudagemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)