Oanpak wurkleazens helpt

30 jan 2013 - 17:05

De gemeente Ljouwert hat goed trijhûndert wurkleazen ekstra oan wurk holpen, dy't no oars thús sitten hiene. Dat seit wethâlder Ekhart. Sûnt in goed jier rint yn Ljouwert it projekt Economie & Arbeidsmarkt. Yn dizze nije oanpak wurket de gemeente gear mei wurkjouwers en ûnderwiisynstellings om minsken út 'e bystân oan wurk te helpen.

Ekhart seit dat de ynstânsjes earder mear lâns mekoar hinne wurken en dat der hjirtroch folle mear Friezen yn 'e bystân sieten as nedich is. Doel is dizze oanpak yn hiel Fryslân yn te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)