Fertochten pakt nei ûndersyk

De plysje hat fjouwer fertochten oanhâlden yn in ûndersyk nei stellerij en ynbraak. Heal jannewaris hie de plysje in Burgumer (21) pakt doe't er yn in stellen auto ried. Hy waard ek fertocht fan belutsennheid by in ynbraak yn in fytsewinkel oan de Tsjibbe Geartsstrjitte. De Burgumer hie de auto earder yn Drachten stellen. Nei in achterfolging koe de plysje him oanhâlde.
By it ûndersyk kamen meardere fertochten yn byld, twa Drachtsters (22 en 19) en in Burgumer (22). De 22-jierrige Drachtster sit noch fêst.