Houttec op 'e Gordyk fallyt

30 jan 2013 - 14:16

It bedriuw Houttec op 'e Gordyk is fallyt ferklearre. By it bedriuw, dat houtkonstruksjes makket, wurkje 22 minsken. De direksje is dwaande mei in trochstart, mar moat dêr noch wol in finansier foar fine. Neffens kurrator Verdonk draait it bedriuw al fjouwer jier mei ferlies, as gefolch fan de malêze yn de bou. Neidat de fiskus beslach lei op de besittings heakke ek de bank ôf. Verdonk tinkt dat der mooglik ek oare partijen binne, dy't belangstelling foar it bedriuw hawwe.

Trefwurden: 
fallyt De Gordyk Houttec
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)