'Net ien IC yn Fryslân'

© Omrop Fryslân
Der komt net ien intensive care ôfdieling yn Fryslân. Dat hat minister Schippers fan folkssûnens antwurde op fragen fan de Twadde Keamerfraksje fan de SP. Dy partij wie benaud dat soarchfersekerder De Friesland de ôfdielingen fan de sikehûzen yn Snits en Drachten slute woe. Neffens de minister en de soarchfersekerder is dêr gjin sprake fan. Al wurdt der wurke oan plannen foar ien intensive care ôfdieling fan hege kwaliteit, foar minsken dy't komplekse soarch nedich ha. Oan dy plannen wurdt noch wurke. Pasjinten meie dêr ek noch oer meiprate.