Negerman wint Adventurerun

17 des 2011 - 15:09

Hurdrinner Erik Negerman hat de sneon de Adventurerun op It Amelân wûn. Hy rûn de heale maraton yn in tiid fan 1.10.02. Dat is in nij parkoersrekôr. Nei trije kilometer gie hy der al fan troch. In groepke achterfolgers koe him net mear byhelje. Negerman fan Boalsert wûn earder ek al de Berenloop op Skylge.

By de froulju wûn Mariska Kramer fan Drachten yn 1.17.09. Sy ferbettere mei dy tiid har eigen parkoersrekôr mei goed twa minuten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)