Ferfelende Dokkumer oppakt

17 des 2011 - 13:59

Yn Dokkum is freedtenacht in man (45) út Ljouwert pakt. Hy wie oer de muorre fan it plysjeburo klommen. Hy woe oanjefte dwaan fan mishanneling. Earder dy nacht hie er ek al in pear plysjes troffen. De man wie in kroech útset om't er ferfelend wie. Doe't er de plysje fertelde dat er oanjefte dwaan woe, seine se tsjin him dat dat no net koe. Dêr wie er it net mei iens. Hy begûn te skellen en de plysjes te misledigjen. Uteinlik klom er oer de muorre fan it buro. Doe is er fêstset.

Trefwurden: 
plysje Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)