Gaos nei ynbraak hûs Wolvegea

17 des 2011 - 13:54

By in ynbraak freedtenacht yn in hûs oan de Kerkstrjitte yn Wolvegea is in grutte ravaazje oanrjochte. De bewenner (88) en syn frou kamen thús, mar koene de foardoar net iepen krije. Doe't se achterom giene, seagen se dat de skuttingdoar en de achterdoar fernield wiene. It ljocht wie ek oan. Se wiene benaud dat de ynbrekker der noch wie en bellen de plysje. Dy ûntduts dat der net ien mear wie, mar dat it hiele hûs oeral helle wie. Troch de grutte gaos is noch net dúdlik oft der ek wat stellen is.

Trefwurden: 
plysje ynbraak Wolvegea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)