Man mei stellen fyts snapt
Yn Frjentsjer is freedtenacht op de Harnzerwei in ynwenner (20) fan dat plak oanhâlden. Hy hie in stellen fyts by him. It foel plysjeminsken op dat der gjin slot op de fyts siet. Se sprutsen de fertochte oan en by kontrôle die bliken dat de fyts stellen wie. De man is meinommen nei it plysjeburo. Hy hie ek noch in flintermes by him.