Alderein yt ferkeard of te min

Hieltyd mear âlderen krije te min of ferkeard iten. Sa'n sechtich prosint fan de 80-plussers dy't noch selsstannich wennet, hat te krijen mei ûnderfieding, sûnder dat se it yn de gaten hawwe. It probleem komt pas oan it ljocht as se yn it sikehûs komme. Se moatte dan langer yn it sikehûs bliuwe of earst nei in ferpleechhûs foardat se wer nei hûs meie. Se binne yn sa'n minne kondysje dat se net gau wer better binne.
Sikehûs MCL, de hegeskoallen fan Ljouwert, Maaltijdservice Noord en in soarchfersekerer pakke it probleem oan mei in projekt.
De totale kosten fan ûnderfieding yn Nederlân binne jierliks 1,7 miljard euro.