Sprekoere Jirnsum hâldt op

Húsdokter © ANP XTRA
De húsdokter fan Jirnsum hâldt op mei syn sprekoere. Dat ha de ynwenners fan it doarp te hearren krigen. Foar in besite oan de dokter moatte de Jirnsumers tenei nei de húsdokterspraktyk yn Grou. Dat giet 1 jannewaris yn. Tsjin it opheffen fan it sprekoere wie wakker aksjefierd. Der binne yn koarte tiid sa'n 500 hantekens ophelle. Pleatslik Belang Jirnsum is teloarsteld dat de aksje net holpen hat. Herhelresepten kinne yn Jirnsum noch wol ynlevere wurde.