Froulju Hearrenfean ferlieze

17 des 2011 - 10:31

It frouljusteam fan SC Hearrenfean hat freed mei 2-1 ferlern fan Telstar. It is it sechde ferlies fan dit seizoen foar SC Hearrenfean. Nei tweintich minuten kaam Telstar op foarsprong troch Priscilla de Vos. Fuort nei it skoft waard it gelyk troch in doelpunt fan Vivianne Miedema. It wie wer De Vos dy't foar de winst soarge foar Telstar. De fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean steane nei dit ferlies no fyfde op de ranglist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)