Syktocht drinkeling Noardsee

Website KNRM © Omrop Fryslân
De kustwacht hat sneon socht nei in drinkeling op de Noardsee. Se setten trije rêdingsboaten, in fleantúch en in helikopter yn. It kustwachtsintrum krige melding fan in skip boppe Flylân en Skylge dat in man oerboard slein is. Ek skippen yn de buert sochten mei. Yn de middei binne it fleantúch fan de kustwacht en de helikopter ophâlden mei sykjen. De kustwacht socht noch mei de rêdingsboaten fan Teksel, Flylân en Skylge oant in oere as trije. De drinkeling wie in fermist bemanningslid fan in frachtskip dat ûnder de flagge fan Curaçao fart. It giet om in man (32) út Oekraïne.