Ljouwerter Krante op tabloid

17 des 2011 - 09:52

De Ljouwerter Krante ferskynt nei de simmer op tabloidformaat. Belangrykste reden is dat hieltyd mear lêzers dat graach wolle. In jier lyn hat de krante syn foarmjouwing al feroare. Dat doe de stap nei in lytser formaat net naam is, komt omdat de krante de lêzers net tefolle feroarings yn ien kear oandwaan woe. De Ljouwerter krante is foarearst noch net fan doel in moarnskrante te wurden, lykas de measte deiblêden hjoeddedei. It ferskinen op de middei past noch hiel goed by it libbensritme fan de Friezen, neffens haadredakteur Snijder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)