Nij MFC yn Aldemardum

16 des 2011 - 21:52

It multyfunksjoneel sintrum It Klif yn Aldemardum is freed iepene. Dat die âld-doarpshûs foarsitter Janus Visser. Der is in jier oan wurke troch ûnder oare 125 frijwilligers út it doarp. Aldemardum hat al sûnt 1972 in doarpshûs, mar dat wie net mear by de tiid.

It doarp krige it foar elkoar om in nij gebou sette te litten dat twa miljoen euro koste hat. De gemeente betelle oardel miljoen en it oare part is op it kleed brocht troch fûnsen en de 1300 doarpsbewenners sels. Omdat der safolle groepen, lykas de dokters, sporters, âlden en noch folle mear gebrûk meitsje fan it gebou wurdt It Klif net mear doarpshûs mar mfc neamd.

Trefwurden: 
iepening MFC It Klif
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)