Graffity op skoalle Grou

16 des 2011 - 20:17

De plysje siket tsjûgen fan fernielings dy't oanbrocht binne op in skoalle yn Grou. Op de muorren fan de skoalle oan de Burstumerdyk is mei blauwe ferve graffity spuite. Dat moat gebeurd wêze yn it wykein fan 9 oant 12 desimber. De teksten wienen rjochte oan ferskillende persoanen. Se binne der yntusken wer ôfhelle.

Trefwurden: 
skoalle graffity
(advertinsje)
(advertinsje)