Drachtsterfeart hinget noch

Smellingerlân ferwachtet yn de earste helte fan takom jier dúdlikheid oer it útgraven fan de Drachtsterfeart. De relaasje mei projektûntwikkeler Wind is yn elts gefal de lêste tiid wer ferbettere. Dat seit wethâlder Zweers. De gemeente hie hurde ôfspraken mei de projektûntwikkeler. Dy soe oan de slach as 500 fan de 800 huzen ferkocht wêze soene, mar kaam dêr op werom doe't de wenningmerk minder waard. Der waard in bemiddeler ynsteld om beide partijen wer byelkoar te bringen.
Dúdlikheid komt der no takom jier wol, mar it útgraven sil takom jier seker net begjinne, tinkt Zweers. De earste peal foar it plan 'de Liuwte 2', mei 20 huzen oan it wetter is freed slein. Fan dy 20 nije hûzen is likernôch de helte ferkocht.