Tagelyk beslute Thialf/iisbaan

16 des 2011 - 16:58

Provinsjale steaten moatte yn febrewaris eins al beslute oer in nije iishal yn Ljouwert. Dat sizze de steateleden Hoogland (PvdA) en Vos (CDA). Yn febrewaris prate de steaten ek oer it beskikber stellen fan jild oan it nije Thialf. Beide partijen hawwe it leafst dat it beslút oer Thialf op itselde momint bart as de nije iishal yn Ljouwert.

De stichting IIshal Ljouwert makke freed bekend dat it in nije 333 meterbaan bouwe wol, it leafst op it hjoeddeiske plak njonken it WTC-Expo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)