Steuring yn A'karspelen oer

30 jan 2013 - 10:08

De gemeente Achtkarspelen hie woansdeitemoarn in steuring yn it kompjûtersysteem. Goed twa oeren lang koenen se op it gemeentehûs minsken net helpe mei bygelyks de oanfraach fan paspoarten en rydbewizen. Oer de oarsaak fan de steuring is noch neat bekend. Om healwei alven hinne die alles it wer.

(advertinsje)