Fluch ynternet yn bûtengebiet

30 jan 2013 - 09:58

De provinsje wol dat Friezen op it plattelân ek fluch ynternet krije. Yn in part fan Fryslân is al fluch ynetrnet, mar de provinsje sjocht it as syn taak om foar in optimaal leef- en wenklimaat te soargjen en dêr heart digitale berikberheid yn de bûtengebieten by. De steaten wolle mei kabel- en glêsfezel bedriuwen in ynvestearringsplan opstelle. It is noch net dúdlik hoefolle jild oft der foar beskikber is. Deputearre Poepjes ljochte de plannen woansdeitemoarn ta yn Langedike, dat is sa'n bûtengebiet yn Eaststellingwerf.

Foar it flugge ynternet moat der 110 miljoen euro op it kleed komme. De ferwachting is dat merkpartijen in tredde part foar har rekken nimme wolle. De rest soe mei Europeeske subsydzjes en troch de provinsje opbrocht wurde moatte. As de Steaten dermei ynstimme soe ein 2014 de skeppe de grûn yn gean en hat yn 2020 elkenien goed ynternet.

Trefwurden: 
ynternet provinsje Langedike
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)