Referindum yn Ljouwerteradiel

Ynwenners fan Ljouwerteradiel meie woansdei har miening jaan oer de takomst fan de gemeente. Yn in referindum kinne se kieze út twa opsjes: oanslute by Ljouwert of by de nije gemeente Noardwest-Fryslân. De útslach fan it referindum is net binend, it is oan de gemeenterie om it úteinlike beslút te nimmen.
Dy sil dêrby wol rekken hâlde mei de útslach as op syn minst 60 prosint fan de ynwenners syn stim útbrocht hat. Dat kin oant njoggen oere jûns, in oere letter hopet de gemeente de útslach te jaan.