Nordwin College skoart goed

It Nordwin College yn Ljouwert krijt dit jier in goeie beoardieling yn de Keuzegids MBO Studies. It agrarysk opliedingssintrum, dat earder AOC Friesland hiet, stiet op it tredde plak yn in list mei alve AOC's.
By de list mei ROC's skoare de Friezen minder heech. De Friese Poort krijt 63,5 punten, wylst de heechste skoare 83 punten is. It Friesland College krijt fan de Keuzegids 58,5 punten.
De gids ferskynt alle jierren en wurdt makke troch in ûnôfhinklike redaksje.